In samenwerking met de marssumer muzikant Piter Wilkens heeft SSS'68 een eigen clublied gemaakt. Mocht u interesse hebben in een CD met het lied erop dan kunt u deze bestellen via deze website. De kosten zijn slechts € 5 + evt. verzendkosten. De opbrengst zal geheel ten goede komen voor de jeugd van de vereniging.

Wize en wurden: Piter Wilkens ©

Mei tank oan: RDS Studio te Snits, Johan Vellinga en Auke Drost

 

Kijk bij Downloads om het nummer te downloaden.

Voor de gehele liettekst ; even scrollen


--------------------------------------------------------------------------------

Blau en wyt

 

Blau is de kleur fan trou en tradysje

blau is ús kleur, sa fertroud

blau bringt ús altijd wer yn tou, wy ha ambysje

't is de kleur dy 't ús besieling jout

 

Wyt is 't symboal foar ivichheid en reinens

wyt as snie, wyt as kryt

wyt is 't symboal foar libbenskrêft en keinens

ús klupke is de klup fan blau en wyt


Refrein

Sport Staalt Spieren, wy binne strontbiezems

wy spylje nei ús Marsumer sin

't sit yn ús sinen, 't sit yn ús ieren

op it fjild feie wy ús paadsje skjin


Blau as Popta's wapen binn' ús skonken fan it fuotbal

blau as Unia's bloed is ús hert

blau as blauwe drek út de Haven, altyd, oeral

in oare kleur as blau dy is der net


Wyt as de wol fan de skiep fan Doede Bouma

wyt as de limousine dy't Venema rydt

wyt as ús kafee, as it ferbân fan Jappy Jongsma

ús klupke is de klup fan blau en wyt


Refrein


Blau fan de reek is ús kantine, tredde helte

blau fan de drank hast allegear

blau oant slútingstiid, wy reitsje nea yn de bedelte

wy sponserje ússels sa hyltyt wer