Home
-
Welkom bij SSS'68Sport - Staalt - Spieren
-
Welkom bij SSS'68Sport - Staalt - Spieren
-
Welkom bij SSS'68Sport - Staalt - Spieren
Previous
Next
Actueel
Zaterdag 04-03-2023 Sport Staalt Spieren ’68 2 – SC Veenwouden 4.
0 – 0.
Wy mochten saterdei nei de oare kant fan Ljouwert, yn it moaie Marssum tsjin de pleatselike SSS’68. De foarútsichten wienen net al et best. De seleksje telde in protte stikkene stuollen dy foar disse wedstriid net te reparearjen wienen.
Lieders Paul, Leo en Doede moasten kreatief wêse en mei hulp fan in pear spilers fan it tredde (Erwin, Marco en Jacob, bedankt!) stapten we it knusse Sportpark Unia op. Omdat us eigen kantine ticht wêse soe, gie de foltallige seleksje earst op ferkenningstocht yn’e Marssumer kantine om te sjen of hja wol op in ynfasie fant fjirde te rêd wienen.
De fetpanne stie al oan en as in wiere oanfierder bestelde Nolly foar it hiele spul en goeie sportmaaltyd. Sa koe it wêse dat de tsjinstanner al mei de warming up dwaande wie, wylst it fjirde harren opwaarme mei in bar fol frikandellen. Dy smakken sa best, dat Foar disse iene kear de namme SSS, Sport Staalt Spieren, omdoapt waard oant SNACK Staalt Spieren. Harren barman Kees fûn it mar wat moai, de stamtafel mochten we reservere foar nei ôfrin. Mar der moast fansels earst noch wol balle wurde. Tsjin alwer in ferrekt jong ploechje dat lykas ús wat ynt rjochter riigje omkloatfooilt.
Wy kwamen earste helte mar min ynt spul, mar dat jilde ek foars de thusploech. Hotse-Knotse-Begonia foutbal yn optima forma we rit foar eltsenien in hiele toer wy nei de júste kleur te spieljen. SSS hie foar it skoft wat lytse kanskes, mar dienen der neat mei. Wy kwamen hielendal net oan kansen te foar it skoft. Sadra harren keeper ynt sichtsfjild kaam, waard beslúten de bal oan SSS te jaan. Gjin idee war dér achter siet, mar ús fuotten dienen net wat yne holle úttekene wie. De earste helte kabbele dreech troch, dér like ek gjin ein oan te kommen. Oanfierder Tjalling syn lunchmaaltyd kaam aardich omheech en hy woe net mear oant skoft wachtsje. Een kansryke oanfal beslute der te ûnderbrekken, en ek al spiele der de fermoarde ûnschûld, hy mocht efkes 10 minuten bekomme fan de skiedsfrou, dy har mantsje stie en ien fan de beste fant fjild wie.
De twadde helte kaam by ús wat farsk bloed ynt fjild, letterlyk wol te ferstean. Ynfaller Erwin stie noch gjin minuut ynt fjild of hy sech allinich mar stjerkes doe der fan tichtby syn noas foar de bal smite. In beste bloedneus it gefolch. Folle wiksels hienen we neat mear sadat Doede him ek noch yne klean hees. Ûndertusken spile sich in wier spektakel ôf op it fjild. Sawol SSS as wy makken der in wiere Comedy Capers edysje fan. De wêr goed oanwêsige supportersschare genoaten mei folle teugen.
Sa as in SCV4 coryfee terjocht opmurk: ‘Dit is moaier en goedkeaper dan in jûntsje Harmonie’. En dat wienen wiere wurden. SSS makke de measte oanstalten op de winst, sa waard de latte rekke en klpten harren beide spitsen fol by elkoar op doe Ate syn tradisjonele grapke yniens ût de hoed tovere. De kneuzenkermis waard uteinlyk kompleet mei de ynfalbeurt fan supersub Doede. Syn earste beste loopaksje resultearre metien yn in sweepslach ynt kût, dat de Fuut koe ek metien ôffierd wurde. Sa wienen we mar rap troch de wiksels hinne. SSS bleaun oanfallen, mar efteryn stie it goed mei in eervolle vermelding foar útblinker Aan, mai Jelke Jaap troch de 12e man unaniem útroppe tot Man of the Match. It wy tsjin hâlden mar ek wy krigen die iene kâns dy eltsenien kriget. Melvin kaam allinich foar de keeper, mar skrok dér self noch it meast fan. Sa bleaun it nei 90 minuten 0-0, stiekem in puntsje tefolle. In moai citaat krigen we fan in SSS spiler. ‘Ik heb nog nooit zulke dikke jongens zo hard zien lopen’. In moaier kompliment koenen we net krije.
De neisit waard wer yn foar it plakboek en dy tinken oan it legendarische besite oan VV Ouwe Syl, jierren tebek. SSS klubman Kees ûntfong us wer mei iepen earmen yn syn smûke kantine, en binnen no time gienen de fleskes en frikandellen wer nei de toarstige halzen. Wy hawwe in topmiddei hân op Sportpark Unia, in noflike tsjinstanner en klubminsken dy foar ferbining soargje, ek foar de gasten.
SCV 4 is mear dan allinich 90 minuten knoffelke, yn Marssum witte se dér no ek alles fan.